Permalink

uit

Weibrocht

It romme, foarname, bûnt dêrkeazen oard,
dyn kertieren, dyn hôven, op wif fundamint,
ik hifkje dyn wicht, fersûp yn dyn wyn.

 

Weibrocht 1
sas_007

It lichte, trochgeande, werheljend skel lûd,
dyn leanen, stêdspoarten, muzyk foar in sint,
ik ferwinskje dyn hjitte, oertsjûge triomf.

 

Weibrocht 2
sas_0016

It drokke, beboude, rikt yn ’e hichte,
dyn grêften, dyn muorren, omheechsketten krûd,
ik betsjinje dyn brêgen, oars tocht ik ’t my yn.

 

Weibrocht 3
sas_008

It fileine, dit tsjuster, yntins ferlitten,
yn gloppen, rioelen, dêr hûzet fenyn,
ik sûgje en koarje, bedongje myn hûd.

 

Weibrocht 4
sas_0010

It âlde, breanedich, tiidleas ferwurden,
yn wensten, nijfoarmen, dekôrelemint,
ik sykje en strún, rin frijheid temjitte.

 

Wylst weibrocht yn myn stêd.

Weibrocht waard presintearre op 27 april 2010 yn ’e Bres, op de slotjûn fan it kursusjier 2009/2010 fan Tresoar.

 

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto’s: Ouke Kooistra

Reageren is niet mogelijk.