Permalink

uit

Fotofers Oade oan it wetter – Ode aan het water

fotofers_oade oan it wetter2

Oade oan it wetter

oan it silte
yn ekstaze

oan it ritme
moanne en sinne

oan ’e skippen
fier fan it lân

oan ’e weagen
dy’t mar raze

oan ’e muze
do myn minne

oan ’e skulpen
yn ticht ferbân

oan ’e fûgel
mei it grien

oan myn eilân
fier ôfdreaun

oan dún en strân
op ’e wacht

oan ’e swalker
mei in stien

oan ’e jutter
no oerbleaun

oan dyn skynsel
eltse nacht

toarstich widzje ik myn langstme
ferromje, win my en ferras

nei’t fol en dêrnei sweevjend smel
it goudgiel útbrekt nei in tel

iepenje dan en ik sil ûntfange
oant oerjefte ferbining is

 

Ode aan het water

aan het zilte
in vervoering

aan het ritme
zon en maan

aan de schepen
reisgenoten

aan de golven
in beweging

aan de muze
mijn kompaan

aan de schelpen
nog gesloten

aan de vogel
groen getakt

aan mijn eiland
afgedreven

aan duin en strand
dat mij verwacht

aan de zwerver
zwaar bepakt

aan de jutter
overgebleven

aan je schijnsel
elke nacht

dorstig wieg ik mijn verlangen
verlicht me, verover en verras

nadat vol en daarna zwevend pas
het goudgeel slechts voor even was

open dan en ik zal ontvangen
tot overgave verbinding is

 

© 2014
Tekst: Tryntsje van der Veer
Foarmjouwing: Ankemarije Dam Design

Winnend fers Poëziewedstriid Kunstmaand Ameland 2013

Permalink

uit

Fotofers Amper

Amper_def2

Amper

Tizerige tinzen
sile as klompskipkes
yn myn beheining
mei lead ferswierre.

Amper weet fan wurden
reitsje ik bline toetsen
fertichtsje fantasij
ear’t rykdom flechtet.

Libbenslang it mijen
fan tichterby kommen
syktocht nei romte
ûnder de boaiem.

 

© 2014
Tekst: Tryntsje van der Veer
Foarmjouwing: Ankemarije Dam Design

Permalink

uit

Fotofers Figen

ferlieding22

figen

de fruchten hurdgrien
it weake fleis ferskûle
krêft yn skyl droegen

 

© 2014
Tekst: Tryntsje van der Veer
Foarmjouwing: Ankemarije Dam Design

Permalink

uit

Fotofers Ferlieding

ferlieding2

Ferlieding

lege ruten
dogge fertuten
yn it finster
fantasij en glinster
ik stean stil
by lust en wil

 

© 2014
Tekst: Tryntsje van der Veer
Foarmjouwing: Ankemarije Dam Design

Permalink

uit

Fotofers Ljocht

kaartLjocht

rûnom it tsjuster
de sniestoarm sil delbêdzje
it ljocht jout waarmte

 

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto: Rinus van der Craats
Foarmjouwing: Ankemarije Dam

Permalink

uit

Fotofers Perspektyf

kaart2
Perspektyf

hûs fan ferline
slytspoaren fan bewenning
útsjoch op takomst

 

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto: Rinus van der Craats
Foarmjouwing: Ankemarije Dam

Permalink

uit

Fotofers Droech

kaart3Droech

bist net allinne
de dragers fan nij libben
bewenje stiennen

 

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto: Rinus van der Craats
Foarmjouwing: Ankemarije Dam

Permalink

uit

Fotofers Inkeld oars

kaart5Inkeld oars

lonkje nei sinne
inkeld njonken de oaren
in fjild fol blommen

 

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto: Rinus van der Craats
Foarmjouwing: Ankemarije Dam

Permalink

uit

Fotofers Wille

kaart4Wille

farsk is it foarjier
nijsgjirrich it betrêdzjen
it earste dûnsjen

 

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto: Rinus van der Craats
Foarmjouwing: Ankemarije Dam

Permalink

uit

Fotofers Oanspield

kaart6Oanspield

langstme nei oankomst
it loslitten fan ‘e hûd
sis dat it fier is

 

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto: Rinus van der Craats
Foarmjouwing: Ankemarije Dam