Permalink

uit

Noflike Krystdagen & lokkich nijjier

ruth

DSCN1511   DSCN1507_2

Weromreis

Naomi âld mar jong fan geast
gong nei har lân werom
sy wie fan oarloch wurch it meast
Ruth seach nei har om

har man en bern dy wiene dea
it libben eins wol klear
har sielskrêft skoudere har lea
Ruth fynt iten en mear

sy hope dat Ruth bliuwe koe
yn ’t lân dêr’t sy fan hâldt
betocht in list dy’t wurkje soe
in berntsje kaam te wrâld

de minsken yn dit oerferhaal
binne frij fan ierdsk geweld
sy sykje ieren op it fjild
de leafde is wat telt

© 2014
Tekst: Tryntsje van der Veer
Foarmjouwing: Ankemarije Dam Design
Muzyk: Johannes de Graaf

Reageren is niet mogelijk.