Wjukken
op ’ e wjukken fan ‘e wyn
syl ik heech boppe it lân
op de klanken fan it liet
tink ik oan it grut ferbân
op ‘e wjukken fan ‘e siel
taast ik nei it wize wurd
op it ritme fan it hert
hysje ik myn seil en swurd
op ‘e wjukken fan ‘e siken
driuw ik nei de kime ta
op ‘e wjukslach fan ‘e leafde
sil ik altyd in rêstplak ha
In blom
sa sierlik en rank
de teare blêden
sa suver de klank
sa romhertich en gol
de sterke stamme
fan leafde fol
sa eal en kleurich
de tsjokke knop
fan takomst ryp
sa komt ea del
in fûgel – in bij – de wyn
om sied te dragen
Leafde streamt
iepenje myn eagen
tinzen mei in gjalp
de nacht leit oan diggels
dichtsje myn fingers
de wurden fan it wêzen
de moarntiid sjongt
freegje myn riten
it deistich iepenjen
fan ‘e stilte
myn hân jout
de leechte werom
leafde streamt
Jou dy oer
lis de wurge holle
yn myn skurte
jou dy oer
lit it baarnende rea
dat giselet en libbet
dy meifiere
lôgje it fjoer yn my
de nacht is lang
lôgje it fjoer
lit it waakse
yn ‘e skurte
fan ‘e nacht