Permalink

uit

Trochreis

trochreis3

núnderjen klinkt yn it koar
in oanswellen en flústerjen

in leaflik liet dan donderjen
in ferstille toan in lústerjen

nei jinsen nimt de klank my mei
ik koe it my amper heuge

samar kruse it myn wei
die sear joech intins freugde

oandien stean ik yn ‘e doar
fan smerte streamt myn herte oer

stap foar stap rin ik nei foar
bûch djip en reitsje oan

wiis dat ik kaam foar it grêf
en dit tref sa wûnderskoan

al noege sy my skûlje hjir
op lûden kalm en sêft

ik gean wer troch de iepen doar
mei ynmoed en nije krêft

draachliker no leed en ûnk
ik bin op wei nei hûs

© 2016 Tryntsje van der Veer
Ankemarije Dam Design

Foarjier LBV Ljouwter Bach Feriening, Huzumer Doarpstsjerke
Yn ’e oanrin nei it betinkingskonsert fan 4.5.2016
In frou rûn ûnder de rippetysje de tsjerke yn. Oaren wachten efteryn.
In famyljelid wie hjir koartlyn te hôf kaam. Sy kamen út de omjouwing fan Utert.
Har antlit sil ik nea ferjitte.

Foar de Lbv-jûn 20.6.16, fanwege sûnens fan Gauke Zijlstra útsteld nei 19 septimber 2016.

Reageren is niet mogelijk.