Publikaasjes

boekomslagfriesland

Friesland poëtisch palet, Blomlêzing, Stichting Achterland Zeist, 2012
Opnommen: Ynsletten, gedicht by in foto fan de P.I. Ljouwert

 

 

Bondel haikû mei cd, ek as e-book, 2009
Bondel haiku mei CD, ek as e-book, 2009

 

Bondel mei cd, 2010.

Bondel mei CD. Ek as e-book en CD. 2010
Opbringst foar ms Markol Grou

 

Bondel mei cd, 2011. Ek as e-book

Bondel haiku mei CD, ek as e-book, 2009

 

Alice yn Wûnderlân
Alice yn Wûnderlân (Alice in Wonderland)

Lewis Carroll oersetting Tiny Mulder, ynsprutsen troch Tryntsje van der Veer. It harkboek is te ferkrijen fia www.dattekstbureau.nl

Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern.

Sa skreau Tiny Mulder yn har ynlieding yn 1964.

En der is wat dat oanbelanget net folle feroare. Noch altyd sprekke de aventoeren fan de lytse Alice ta de ferbylding.
Dit harkboek is in moaie gelegenheid om it ferhaal op ‘en nij te genietsjen.

‘Wy binne hjir allegearre gek,’ sei de Siferske Kat tsjin Alice. ‘Ik bin gek. Jo binne gek.’ – ‘Hoe witte jo, dat ik gek bin?’ frege Alice.  – ‘Dat moat wol sa wêze,’ andere de Kat, ‘oars soene jo hjir net kommen wêze.’

‘Hjir’ is it Wûnderlân, dêr’t it famke Alice yn bedarret en de bjusterbaarlikste dingen meimakket. Se kin harsels lytser en grutter meitsje, wat soms o sa gefaarlik is. Se praat mei de Wite Knyn, de Siferske Kat, de Sabeare Skyldpod, de Boaze Hertekeninginne en noch mear wûnderlike skepsels.

Dit klassike boek fol humor foar it jonge – en âldere!  – folk is yn tal fan talen fertaald. Fansels ek yn it Frysk.