Oer Tryntsje

Foto Tryntsje ZGP klein formaatTryntsje van der Veer (1960) is nei in skoft om utens in part fan har tiid wer yn Fryslân. Sy hat by Tresoar de mooglikheid om yn ’e mande mei oaren kreatyf te wêzen yn de memmetaal daliks oanpakt (Jurjen van der Meer, Eppie Dam, Abe de Vries). Der binne weirekke boarnen oanboarre. Sy dichtet, skriuwt lieten en bjusterbaarlike ferhaaltsjes.

Ûnderweis by it skriuwen fan ‘Binnentún’, in bondel fersen yn haikûfoarm (2009), kaam sy yn ’e kunde mei Rob Faltin (artystenamme Rob du Jardin). Syn plan om de teksten op cd op te nimmen en mei muzyk te omlisten waard realisearre. Ouke Kooistra makke de foto’s. De stil fan by it meitsjen fan de eleminten tekst, muzyk en ôfbyldingen, slute tige goed byinoar oan.

In jier letter wie sy de gearstalder fan ‘Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij en foarjier 2012 waard ‘Fan binnen út – ier foarjier’ útbrocht, op ’e nij dichtbondels mei in cd en fotowurk. Dit alles by útjouwerij Elikser, Ljouwert (www elikser.nl). Dat jier spriek sy ek Alice yn Wûnderlân yn (www.dattekstbureau.nl).

Sy sit yn it bestjoer fan It Skriuwersboun en fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen en organisearret mei de gearkomsten fan it Literêr Sirkwy fan It Skriuwersboun (www skriuwersboun.nl; www.eblt.nl).

Yn 2012 en 2013 die sy mei oan de Nasjonale Gedichtedei fan Ensafh by Kafee Vellinga yn Snits. Beide jierren wy sy tegearre mei Rob Faltin en Truus de Vries fan de partij by de Lollumer Muzykmaraton, mei in earmerke opbringst foar Tadzjikistan.

Sy nimt diel oan it kollektyf fan de Ferswevers (om Drachten hinne). In inisjatyf as Zwerfgedichten (gedichten op ’e sweef) spriek har daliks oan. It brûkbere, ûnferwachte en ek tydlike fan teksten yn ’e iepenbiere romte. De fraach oft it de lêzer rekket en wat it opropt as de stien optild wurdt.