Permalink

uit

Trochreis

trochreis3

núnderjen klinkt yn it koar
in oanswellen en flústerjen

in leaflik liet dan donderjen
in ferstille toan in lústerjen

nei jinsen nimt de klank my mei
ik koe it my amper heuge

samar kruse it myn wei
die sear joech intins freugde

oandien stean ik yn ‘e doar
fan smerte streamt myn herte oer

stap foar stap rin ik nei foar
bûch djip en reitsje oan

wiis dat ik kaam foar it grêf
en dit tref sa wûnderskoan

al noege sy my skûlje hjir
op lûden kalm en sêft

ik gean wer troch de iepen doar
mei ynmoed en nije krêft

draachliker no leed en ûnk
ik bin op wei nei hûs

© 2016 Tryntsje van der Veer
Ankemarije Dam Design

Foarjier LBV Ljouwter Bach Feriening, Huzumer Doarpstsjerke
Yn ’e oanrin nei it betinkingskonsert fan 4.5.2016
In frou rûn ûnder de rippetysje de tsjerke yn. Oaren wachten efteryn.
In famyljelid wie hjir koartlyn te hôf kaam. Sy kamen út de omjouwing fan Utert.
Har antlit sil ik nea ferjitte.

Foar de Lbv-jûn 20.6.16, fanwege sûnens fan Gauke Zijlstra útsteld nei 19 septimber 2016.

Permalink

uit

Op ‘e wjukslach fan ‘e leafde

Wjukken_def_3mm

Wjukken

op ’ e wjukken fan ‘e wyn
syl ik heech boppe it lân
op de klanken fan it liet
tink ik oan it grut ferbân

op ‘e wjukken fan ‘e siel
taast ik nei it wize wurd
op it ritme fan it hert
hysje ik myn seil en swurd

op ‘e wjukken fan ‘e siken
driuw ik nei de kime ta
op ‘e wjukslach fan ‘e leafde
sil ik altyd in rêstplak ha

Blom_def_3mm

In blom

sa sierlik en rank
de teare blêden
sa suver de klank

sa romhertich en gol
de sterke stamme
fan leafde fol

sa eal en kleurich
de tsjokke knop
fan takomst ryp

sa komt ea del
in fûgel – in bij – de wyn
om sied te dragen

Leafde streamt_def_3mm

Leafde streamt

iepenje myn eagen
tinzen mei in gjalp
de nacht leit oan diggels

dichtsje myn fingers
de wurden fan it wêzen
de moarntiid sjongt

freegje myn riten
it deistich iepenjen
fan ‘e stilte

myn hân jout
de leechte werom
leafde streamt

Jou dy oer_3mm_def

Jou dy oer

lis de wurge holle
yn myn skurte
jou dy oer

lit it baarnende rea
dat giselet en libbet
dy meifiere

lôgje it fjoer yn my
de nacht is lang
lôgje it fjoer

lit it waakse
yn ‘e skurte
fan ‘e nacht

Permalink

uit

Sokken

Sokken_defasto flechtling bist
miskien in boat makke hiest
foar it earst op nij lân stiest

asto ballonfaarder wiest
miskien by goed sicht
omheech giest

asto lyts bist
de krolteantsjes it leafst
yn dyn mûltsje stiekst

asto âld wiest
hast it ljocht út diest
it libben fierst

wie ik wiet
ferlet hie ik fan waarmte
wie ik boppe
ferlet hie ik fan gong
wie ik bern
ferlet fan ik en romte
bin ik der hast
ferlet fan tiid

ferlet fan sokken
oan en út
ferlet fan siken
yn en út
ferlet fan dreamen
ôf en oan
ferlet fan wêzen
hjoed en moarn

Sponsoraksje foar Mieke van Heijcop en Sietske Visser, samlers en útdielers fan sokken yn it ramt fan help oan boatflechtelingen op Lesbos 2016-2016. Sjoch foar eftergrûnynformaasje www.nijkleaster.nl

Kaarten binne bestelber fia www.binnentun.nl
Permalink

uit

Amelan kalinder

Ameland_ned_def-5
Spesjaal foar de Kunstmaand Ameland ha Tryntsje van der Veer, dichter, Ankemarije Dam, foarmjouwster en Jacco Dam, fotograaf in Amelân – Ameland kalinder útbrocht. Fanôf 15 novimber is dizze kalinder te keap by Galerie Novimber (by it VVV) Nes, Ameland. En fia info@binnentun.nl.

Foar mear ynformaasje oer de Kunstmaand Ameland: www.kunstmaandameland.com
De kunstmaand is fan 1-11-2015 – 30-11-2015

 

Permalink

uit

BûtenByld

DSCN2649Nijrjier 2015 ha Tryntsje van der Veer, Johannes de Graaf, fotograaf, en Ankemarije Dam, foarmjouwster, BûtenByld kalinder 2016 útbrocht (cd formaat), in jierdeiskalinder en fotofersansichtkaarten (los of set fan 12), drukt by Van der Eems.
De folsleine opbringst is foar De Markol, de Stichting Gehandicapten Watersport Grou (www.msmarkol.nl)

Bestelle? Mail info@binnentun.nl

DSCN2648
DSCN2630 DSCN2639 DSCN2625